Durk Bruinsma Uit Tijnje, doarpsman yn ier en sinnen

In prachtich plaatsje, Durk mei syn sliep op de Breewei yn Tynje.
In prachtich plaatsje, Durk mei syn sliep op de Breewei yn Tynje. Klik op de foto foar yn gruttere ôfbylding.

Opsterlands Belang jout graach it wurd oan de boargers. Dizze kear is Durk Bruinsma fan De Tynje oan bar.

Durk Bruinsma  is in doarpsman yn ier en sinnen. Jierren hat er him as foarsitter  yn set foar de fuotbalferieniging  en de doarpsrûnte op ‘e Tynje . Noch hieltyd draacht Durk syn stientsje by as bestjoerslid fan de A.N.B.O. Hij fynt frijwilligers wurk belangryk. ‘Yn in doarp as Tynje kinne wy  in protte mei syn allen!’

Keppel skiep

Eltse dei sjogge je Durk yn het doarp op de fyts hinne wer riden fan de skieppekoai op ‘e Riperwâlden  nei it lân oan de Ripen. Ien fan Durk syn grutte hobbys is skiep hâlde . In praatsje hjir en in praatsje der!  Soms sjogge je him mei in keppel skiep  troch het doarp gean, in prachtich plaatsje .

Ticht op sitte

Wol faker rekket ek riedslid Marrianne Lok mei Durk oan ‘e praat. En fansels wol gauris oer polityk. Durk sjocht it belang fan lokale politisy. Hij makket dúdlik ferskil tusken de lanlike polityk en lokale polityk .Hij seit:’Op ‘e Tynje hawwe wy altyd politisy hân. Gerrit Roorda, Pieter de Leeuw, Aldert Koopman, Albertsje van Wijk ,neam mar op. Gemeentepolityk stiet ticht by de boarger.’Neffens Durk is dit is belangryk. ‘Dizze minsken witte wat der spilet yn de doarpen, jimme sitte er ticht op.’

Nieuwsgierig naar Opsterlands Belang?

de mensen van Opsterlands Belang

ob-krant

verkiezingsprogramma

Geef een reactie

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.