Algemene beschouwing Opsterlands Belang: ‘De krêft fan de mienskip’ centraal, meer zeggenschap!’

sikkeweb
Fractievoorzitter Sikke Marinus

De  begrotingsvergadering met de algemene beschouwingen is een jaarlijks hoogtepunt voor gemeenteraden. Een soort Prinsjesdag voor gemeenten. Maandag 4 november besprak de Opsterlandse gemeenteraad de begroting voor 2014. Uiteraard met een aansprekende bijdrage van Opsterlands Belang.

De Opsterlandse begroting bevatte deze keer weinig opvallende zaken. De huidige coalitie van Opsterlands Belang, CDA en CU staat voor een degelijk en doeltreffend beleid, zonder gekke dingen. Daar plukken de inwoners van Opsterland nu de vruchten van. Er hoeft voor 2014  niet opnieuw te worden bezuinigd. Ook gaan de gemeentelijke belastingen niet omhoog.

Opsterlands Belang is blij met deze rust in de tent. Wel zette fractievoorzitter Sikke Marinus vraagtekens bij de verhoging van de bouwvergunningen. Opsterlands Belang wil dat wordt onderzocht hoe de kosten van deze vergunningen naar beneden kunnen worden gebracht. Ook heeft Opsterlands belang nog wel wensen voor de toekomst, waardoor de financiële stabiliteit verder toe kan nemen. daarbij kijkt de partij onder andere naar de rol van Timpaan en het gemeentebedrijf.

Hieronder leest u de complete bijdrage van Opsterlands Belang zoals die is uitgesproken door fractievoorzitter Sikke Marinus tijdens de begrotingsvergadering.

 

Algemiene skôgings novimber 2013

‘Bêste minsken,

Dizze skôging begjin ik bewust mei ‘Bêste minsken’. Want Opsterlân tilt op fan minsken dy’t it bêste sykje foar harren ferienings, harren doarpen en harren omjouwing. It brûst hjir fan ynwenners dy’t de krêften jaan wolle oan in gemeente wer it goed wenjen en libjen is. En dat, bêste minsken, makket Opsterlân sterk.  DE KREFT FAN DE MIENSKIP. In krêft wêr’t wy wiis mei wêze moatte.

Efteroer leune?

Tot ús freugde, sjogge wy dat steeds mear politike partijen dy krêft ûntdekke. Fan de pamperfysje geane wy mei grutte stappen nei in doch-it-sels-mar-wrâld. It moaie wurd foar dizze ûntwikkeling is boargerspartisipaasje. Dan soenen je tinke kinne dat Opsterlâns Belang tefreden is. Ommers Opsterlands Belang wol al mear 40 jier lang mear ynfloed foar de boargers, mear ynfloed foar de doarpen. Mei oare wurden, dien wurk?!

Bêste minsken?

Nee, dien wurk is it noch lang net. Fansels, wy binne bliid mei dizze ûntwikkelingen. Mar wy meitsje ús tagelyk ek soargen. Want in wichtige eftergrûn fan dizze omslach is domwei jild. Jild is de aap út de Haagse mauwe.

Ik begong dit ferhaaltsje mei ‘Bêste minsken’… Foar de Haachske polityk binne wy foaral bêste minsken as wy it foar minder sinten dogge. Sjoch mar nei de oerheveling fan de trije D’s. Koartingen oant 25%. In nije fysje? Dat kin je betwivelje, it is yn els gefal in fikse besuniging.

Keale barten?

Dy 25% moat úteinlik fertsjinne wurde troch de gemeenten. Gemeenten matte tûker wêze as Den Haach en frijwilligers moatte de gatten folle dy’t it regear yn ús sosjale stelsel sjit.

Doe’t ús kabinet berne waard, neamden se harren sels brêgebouwers. Dat klonk moai, dat klonk as in belofte. Mar se ha ûndertusken wol moai alle leunings fan de brêgen ôf sage. Mear as keale barten binne der net oerbleauwen. En wa’t froeger yn it tsjuster wol ris oer de barten langs de Oerterper feart fytst hat, wit persys wat ik bedoel….

Nije kânsen

Wy kinne der noch oeren op om eamelje. Dat docht Opsterlâns Belang net. Want ûndanks it bytsje jild wat wy krije, sjogge we ek kânsen. Net allinne kânsen foar de nije taken, mar ek kânsen foar ús besteande taken. By alles wat wy dogge sille wy opnij sjen moatte nei de rolferdieling tusken boarger en oerheid. Mar ek tusken bedriuwslibben en oerheid.

Hokker brêgen bouwe wy en hokker leunings betinke wy? Want dy leunings moatte wy sels betinke, dy binne it maatwurk. Yn dizze koalysjeperioade hawwe wy al in moai begjin makke. Yn Romte en Ferskaat wurdt de nije wei oer nije brêgen, sûnder foarbehâld ynslein. Der binne wy wiis mei. Mar der binne ek oare foarbylden, praktyske foarbylden:

De earste doapsbudgetten draaie en de shared space krúspunten wêrop minsken mear eigen ferantwurdlikheid ha, nimme ta. De kanteling op it mêd fan sosjale saken en de WMO is in sukses. Foarich jier hat Opsterlâns Belang it projekt folkstúntsjes foar minima ynbrocht. In lyts projekt, wêr’t minima en besteande folkstúnders inoar stipje en sels ferantwurdlik binne. En dat giet goed! Yn Wynjewâld docht men it ûnderhald fan de fjilden no sels mei in robotmaaier en de earste lûden ek deroer binne bysûnder posityf.

Vitaal Opsterlân

‘Vitaal Opsterland’ is wat ús betreft in huchtepunt yn de omslach fan tinken. Wy hawwe no klip en klear op papier stean wat wy wol en wat wy net dwaan kinne foar de foarsjenningen yn de doarpen. Dat is troch de doarpen en de ferienings goed ûntfongen. Tijnje bygelyks pakte drekt de moffe op en sette fûleindich útein. Mar ek Bakkefean, Lippenhuzen, Lúkswâld en bygelyks Terwispel binne drok dwaande mei doarpshuzen en oare plannen. De vitatiteit strielt der fanôf!

Kritysk sjen

Yn Den Haach  hat men de financiele winst fan al yn boekt. Sa wol Opsterlâns Belang der net mei omgean. As wy farre wolle op de krêft fan de mienskip, dan moatte wy foaral ek sjen nei ús eigen rol. It stipjen fan de mienskipskrêft is net om de nocht, der komt in soad by te sjen. It freget in omslach fan de polityk, de gemeentelike organisaasje en it freget ek domwei jild. Opsterlâns Belang wol fan dy beiden, de omslach yn de organisaasje en it finen fan jild sa folle mooglik ien ferhaal meitsje. Konkreet betsjut dit, dat wy yn de tichtbije takomst kritysk sjen wolle nei bygelyks de rol fan Timpaan. Derby steane dan wat ús oanbelanget twa fragen sintraal. Fraach 1 Op hokker terrein ha wy in organisaasje as Timpaan nedich as it giet om de nije rolferdieling tusken boarger en oerheid? De twadde fraach is oarsom. Op hokker mêd kin Timpaan stappen werom dwaan, omdat boargers it hiel goed sels kinne?

Sa wolle wy yn de takomst ek sjen nei de rol fan gemeentewurken. Ha wy sa’n grut gemeentebedriuw wol nedich? Dat is de fraach dy’t ús troch de holle spilet. Wy hawwe kontakt mei in gemeente wer hielendal gjin gemeentebedriuw mear is. Der wurdt al it wurk…, ûnder regy fan de gemeente dien troch de ‘beste minsken’ en de pleatselike bedriuwen. Dat blykt foardielich út te pakken en it bedriuwslibben is der bliid mei. Wy finne dat wy ek as Opsterlân nei dit soarte fan oplossings sjen moatte.

Trije boadskipkes

It sjen nei Timpaan en it gemeentebedriuw is wat ús betreft net foar dizze begrutting, mar foar de tichtbije takomst. Op dizze begrutting sels ha wy net folle oan te merken. It sjocht der goed út, helder en deeglik, yn de line fan it koalysje-akkoard. Wol wolle wy it kolleezje wol trije boadskipkes mei jaan. Boadskip 1 giet oer it kostendekkend meitsjen fan de bouleges. Wy binne foar kostendekkende leges. Mar yn dit gefal wolle wy graach dat it kolleezje noch ris goed en kreatyf sjocht nei de kosten. As bliken docht dat de kosten nei beneden kinne, kinne wy by de folgende begrutting in foarstel temjitte sjen fan ferleging fan de leges. Boadskip twa giet oer it feit dat de begelieding fan de flechtelingen fan Vluchtelingenwerk nei Timpaan giet. De ynformaasje dy’t wy der oer krigen ha, wolle wy graach brûke om der mei de rie en it kolleezje oer te praten en fan gedachten te wikseljen. Net no, mar tidens ien fan de earstkommende kommisjefergaderingen. Ús tredde boadskip is…, gean a.u.b. troch mei de folkstúntsjes foar de minima. En as it kin breid it dan út nei oare doarpen. It kin betelle wurde út it partisipaasje-budget.

Werom sjen

Ik ha yn dit betooch al in bytsje weromsjoen op dizze koalysjeperioade. Dat is ek net sa raar, want wy besprekke hjoed de lêste begrutting fan dizze koalysje. Ik wol graach feststelle dat wy in bysûnder fruchtbere perioade efter de rêch ha. Undanks de jildkrapte is der is in soad yn gong setten. (Nije brede skoallen, nije MFC’s, in trochbraak yn de Gordyk, in goed rinnend WMO belied, sosjale saken werom yn it gemeentehûs, in praktyske gearwurking mei de Stellingwerven, de gemeentekas ynoarder, de lêsten foar de boarger yn de hân holden en gean sa mar troch.)

En…wy ha ús net opfrette litten troch oare gemeenten.

Tige tank

En is dit dan allegearre oan dizze koalysje te tanken? Nee foarsitter, dat is te koart troch de bocht. As wy weromsjogge, kinne wy feststelle dat wy in sterk en iensgesind kolleezje ha. Opsterlâns Belang fynt ek dat wy in goeie rie ha. Yn rie wêryn it grutste part fan de opposysje in krityske, mar ek tagelyk konstruktive rol spilet. It is ferhipte moai as je op dizze wize  mei-inoar de noed foar Opsterlân nimme wolle en kinne. En as lêste wol ik opnij,…. ik doch it alle jierren,…. graach kwyt dat wy bot wiis binne mei ús amtners. Tagonklik, hurd wurkjend en goed by de tiid.

As je al dizze positive eigenskippen fan ús gemeente optelle, dan meie wy in soad fertrouwen yn de takomst ha. Ik sei it al oan it begjin fan myn skôging, Opsterlân tilt op fan bêste minsken…. En sa is it!’

 

Sikke Marinus,

Fractievoorzitter Opsterlands Belang

Geef een reactie

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.